Helporganisaasje Fier nei Twadde Keamer mei manifest foar help oan bern

29 maaie 2018 - 16:22

De Twadde Keamer moat syn bêst dwaan om spesjalistyske jeugdsoarch te behâlden. Dat sizze saakkundigen, bestjoerders, bernedokters, plysje, justysje, âlden en bern dy't dy soarch nedich ha.

De Veilige Veste fan Fier! Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Direkteur Anke van Dijke fan helporganisaasje Fier út Ljouwert biedt tiisdei yn Den Haag in manifest oan mei de oprop de spesjalistyske soarch feilich te stellen. It giet bygelyks om topklinyske spesjalistyske help oan bern mei in psygoaze of in bipolêre steurnis, bern mei ytstoarnissen of bern dy't te krijen ha mei loverboyproblematyk.

Gemeenten ferantwurdlik

Yn 2015 binne gemeenten ferantwurdlik wurden foar de jeugdhelp. En dy gemeenten ha ynset op jeugdhelp tichteby hûs en op previnsje. Mar net alle problemen binne tichteby hûs op te lossen, seit Fier-direkteur Anke van Dijke.

"Er blijven altijd kinderen die zeer specialistische zorg nodig hebben. Zorg die soms maar op één of enkele plekken in Nederland voorhanden is. Bij de stelselwijziging in de jeugdzorg is onvoldoende nagedacht over de positionering en financiering van deze hulp. Hierdoor dreigt deze schaarse zorg te verdwijnen."

Je stuurt een kind met derdegraads brandwonden toch ook niet naar de huisarts of een algemeen ziekenhuis?

Direkteur Anke van Dijke fan helporganisaasje Fier

Net de goeie soarch

Organisaasjes en saakkundigen binne benaud dat de spesjalistyske jeugdhelp ferdwynt, as der neat gebeurt. "De situatie is nu soms al nijpend. Kinderen met ernstige problemen krijgen nu vaak te lichte zorg. Ze worden te laat doorverwezen naar gespecialiseerde zorg, als ze al worden doorverwezen. Veel kinderen die zeer specialistische hulp nodig hebben komen daar nooit terecht. Dit kan ernstige gevolgen hebben", seit Van Dijke.

Anna

Anna (16) is ien fan de bern dy't ferlet hat fan spesjalistyske help. As lyts famke waard se thús fertutearze. Se waard seksueel misbrûkt troch har styfheit en kaam op har fyftjinde twongen yn de prostitúsje terjochte. Se hat dêrtroch tal fan hiel spesifike problemen, dêr't de normale jeugdhelpynstânsjes net altiten by helpe kinne. Spesjalistyske help is dan fan grut belang.

Anke van Dijke: "Als metafoor voor het belang van specialistische jeugdhulp bij dit soort complexe problemen gebruiken we in het werkveld vaak het voorbeeld van de brandwondencentra. Je stuurt een kind met derdegraads brandwonden toch ook niet naar de huisarts of een algemeen ziekenhuis?"

Trefwurden: 
Fier Anke van Dijke jeugdhelp
(advertinsje)
(advertinsje)