Portier Shooters krijt wurkstraf foar mishanneling

29 maaie 2018 - 15:30
Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 23-jierrige man út Koatstertille dy't as portier by Feestcafé Shooters yn Ljouwert wurke, hat in wurkstraf fan hûndert oeren krigen. De man hat lestich útgeanspublyk mishannele. De rjochtbank fûn dat er te folle geweld brûkte.

De man sette oant trije kear ta syn knibbel yn de hals fan kafeegongers om se del te bêdzjen. Ek lei er in kear in nekklam oan. Dat hie neffens de rjochtbank net nedich west, omdat de fertochte help krige fan twa kollega's. Hy hie as portier mei ûnderfining better witte moatten.

De rjochtbank hâlde der by it fonnis rekken mei dat de man syn baan by Shooters kwytrekke is en dat de man troch de feroardieling de kommende jierren gjin wurk yn de befeiliging dwaan kin.

(advertinsje)
(advertinsje)