Hearrenfean wol grutte skippen op de farwegen hâlde

29 maaie 2018 - 13:17

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean wol dat it mooglik bliuwt dat ek grutte skippen nei It Hearrenfean farre. De provinsje hat ein april yn syn fisy op de Fryske farwegen oanjûn dêr fanôf te wollen fanwegen de feiligens.

De kombinaasje fan rekreaasjefeart en grutte skippen is net handich, neffens de provinsje. Mar de gemeente Hearrenfean wol dat bedriuweterreinen op It Hearrenfean en yn Akkrum berikber bliuwe foar de grutte skippen.

Transport oer wetter is duorsum en biedt oplossingen foar de tanimmende drokte op 'e dyk.

Wethâlder Hans Broekhuizen fan de gemeente Hearrenfean.

Ekonomy en wurkgelegenheid

Wethâlder Hans Broekhuizen seit dat dizze bedriuweterreinen wichtich binne foar de ekonomy en wurkgelegenheid fan It Hearrenfean. Ferfier oer wetter is foar besteande en nije bedriuwen fan grut belang, sa jout er oan. Om de kombinaasje mei de rekreaasjefeart goed en feilich te meitsjen, is it neffens him wichtich om op koarte termyn maatregels te nimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)