Ministearje docht lûdsmjittingen mei Boeing boppe Fryslân

29 maaie 2018 - 13:13

Mei in Boeing wurdt woansdei in saneamde 'belevingsvlucht' útfierd boppe in diel fan ûnder oare Fryslân en Grinslân. Doel fan de flecht is dat bewenners fan de gebieten ûnder de fleanrûtes fan Lelystêd Airport it lûd fan in fleantúch yn harren eigen omjouwing belibje kinne.

Foto: ANP

De flecht is organisearre troch it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat op fersyk fan de bewenners en oare belutsenen. Sy binne benaud foar lûdsoerlêst fan de fleantugen dy't leech oerkomme.

De Boeing 730-800 fan Transavia fljocht woansdeitemiddei om tweintich oer trijen fan Schiphol ôf en sil dêr jûns om healwei tsienen wer oankomme. Yn dy tiid komt it fleantúch yn Fryslân twa kear oer Wolvegea hinne, twa kear oer Laaksum en oer De Jouwer, Drachten en Appelskea. Boppe Laaksum sil it op syn leechst fleane, nammentlik op in hichte fan 1830 meter.

Mear ynformaasje oer de rûte en de tiden is te finen op de belevingsvlucht.nl. Op dizze webside wurde ek de resultaten fan de lûdsmjittingen en de ûnderfiningen fan de bewenners dield. Op 11 juny wurdt der evaluearre en de einevaluaasje sil noch foar it simmerreses oanbean wurde oan it ministearje.

(advertinsje)
(advertinsje)