European Sports for All Games: kultuersporten yn Fryslân

29 maaie 2018 - 12:57
Sile op 'e Snitswike - Foto: ANP

Begjin augustus set yn Fryslân de European Sports for All Games útein: in evenemint mei allegear kultuersporten út Europa. Yn de oanrin wurdt ek al fan alles organisearre. Sa binne der ferline wike op fjouwer plakken yn Fryslân syllessen úteinset foar minsken mei in ferstanlike beheining. De syllessen wurde hâlden yn Grou, Burgum, Heech en Snits.

De dielnimmers sille yn augustus ek in rol spylje by de European Sports for All Games en de Snitswike. Op dat lêste evenemint krije se harren eigen sylklasse. Foar de syllessen dy't ferline wike úteinset binne, hawwe harren santjin minsken oanmeld.

Trefwurden: 
silen Europeans Sports
(advertinsje)