Yllegaal asbest stoart by Muntsjesyl: eigener terrein is lilk

29 maaie 2018 - 12:09
Asbestplaten stoarten yn de natuer by Muntsjesyl - Foto: Ronnie Porte

Der is dit wykein yllegaal asbest stoart op it terrein fan de proefbuorkerij Kollumerwaard by Muntsjesyl. It giet om stikken asbest fan yn totaal in pear hûndert fjouwerkante meter. De proefbuorkerij is no ferantwurdlik foar de ôffier fan it guod. Dat rint nei alle gedachten yn de tûzenen euro's.

Asbestplaten yllegaal stoarten yn Lauwersmargebiet - Foto: Ronnie Porte

Terrein fol asbest

Bedriuwslieder Philip Kramer is tige min te sprekken oer dizze aksje. Hy krige sneintemoarn in melding fan Steatsboskbehear dat it terrein fol lei mei asbest. Oan de spoaren is te sjen dat it stoarten bard is mei in kyp-oanhinger.

De gemeente Kollumerlân nimt de saak heech op en freget minsken, dy't sneon op snein wat fertochts sjoen ha, har te melden.

(advertinsje)