Opromdei plysje noch 100 saken

03 nov 2011 - 14:32

Foar de opromdei dy't de plysje Fryslân sneon hâldt om noch iepensteande saken fuort te wurkjen giet it net om 1000 mar noch mar om 100 saken. De achterstân is folle minder wurden. It giet foaral om oanjeften fan ynbraak of mishanneling dêr't de plysje noch net oan takaam is, om't oare saken foarrang hiene. De plysje tocht earder dat der wol hast 1000 saken op de planke leinen. Dy achterstân is yntusken fuortwurke oant 100.

(advertinsje)
(advertinsje)