Advys: trochgean mei bestriding muskusrotten

29 maaie 2018 - 12:02

Wetterskip Fryslân docht der ferstannich oan om de muskusrôt it hiele jier troch te bestriden. Dat blykt út it moandei presintearre einrapport Fjildproef Muskusrotten fan de Unie van Waterschappen.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens biolooch Daan Bos fan ûndersyksburo Altenburg & Wymenga hat Wetterskip Fryslân de muskusrôt reedlik ûnder kontrôle, mar dat jildt net foar ús buorprovinsjes Grinslân, Oerisel en Flevolân. Dêrtroch binne der lytse populaasjes muskusrotten oanwêzich yn de Stellingwerven en yn it grinsgebiet fan Fryslân en Grinslân.

Populaasje lyts hâlde

Omdat de muskusrôt him tige hurd fermannichfâldigje kin, moat ek de bestriding fan de lytse populaasje yn Fryslân trochgean, sa stiet yn it rapport. Troch de populaasje lyts te hâlden, kinne je ek ûnnedich bisteleed foarkomme. As der minder fallen útset wurde, is der ek minder kâns dat oare bisten lykas de muskusrôt yn sa'n fal bedarje.

Bestridingskapasiteit

Yn it einrapport krijt it wetterskip ek it advys om de bestridingskapasiteit op peil te hâlden. As it gebiet dêr't in bestrider ferantwurdlik foar is te grut wurdt, hawwe je kâns dat de muskusrôt wer werom komt. As in wetterskip tydlik bestridingskapasiteit oer hat, kin dy better ynset wurde om buorprovinsjes mei mear muskusrotten te helpen.

(advertinsje)