Brân yn wenbuorkerij

26 jun 2012 - 15:03

De brânwacht is tiisdeitemiddei dwaande mei it blussen fan in brân yn in wenbuorkerij oan de Hege Bouwen yn Nijemardum. De brân begûn troch noch ûnbekende oarsaak om kertier foar twaen.

It giet om in frijsteand gebou, der binne yn 'e omkriten gjin gebouwen dy't gefaar rinne. Foar it blussen is it korps fan Balk oproppen, ek is de heechwurker fan Boalsert ynset. De ferwachting is dat de wenbuorkerij folslein ferlern giet, dat komt ûnder oare omdat der reid yn it dak ferwurke wie. Der is nimmen mear yn de buorkerij oanwêzich.

Trefwurden: 
brân Nijemardum wenbuorkerij
(advertinsje)