Ek Masela stapt nei rjochter

26 jun 2012 - 14:50

Turnster Wyomi Masela stapt definityf nei de rjochter om dielname oan de Olympyske Spelen ôf te twingen. Se wol dêrmei de foardracht fan Céline van Gerner oanfjochtsje. Van Gerner is lid fan Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean en wurdt traint troch Gerben Wiersma.

Masela waard yn in earder stadium oanwiisd foar de Spelen, mar dat waard nei protest fan Van Gerner troch de rjochtbank weromdraaid. Masela hopet no itselde foar elkoar te krijen.

(advertinsje)