Plysje op syk nei bylden brân
De plysje is op syk nei byldmateriaal fan de brân yn it monumintale gebou oan de Skrâns yn Ljouwert. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân en wol dêrom sawol fideo as byldmateriaal hawwe.
Hjirmei wol de plysje it ferrin fan de brân yn kaart te bringe. It fjoer bruts yn de nacht fan moandei op tiisdei koart nei middernacht út. It pân baarnde folslein út. Yn it gebou sieten meardere bedriuwen.