Minder faak op snein iepen

26 jun 2012 - 14:26

De Snitser middenstân docht de winkels op snein minder faak iepen as fan de gemeente offisjeel mei. De winkels hawwe tastimming om alle sneinen iepen te wêzen.

De Snitser ûndernimmersferiening Sneker Zakenlieden fynt dit finansjeel net te dwaan. De winkels sille no alle earste sneinen fan 'e moanne iepen wêze. Undernimmers yn Snits binne frij om hjir fan ôf te wiken.

(advertinsje)
(advertinsje)