Provinsjekeunst op ynternet
De keunstwurken fan de provinsje Fryslân binne no ek online te besjen. Op fryslan.nl/kunstcollectie stiet in part fan de kolleksje dy't de provinsje sûnt 1955 oanlein hat.
De wurken hingje yn it nije provinsjehûs. Omdat dat net hielendal frij tagonklik is, is in oantal fan de keunstwurken no ek online te besjen. It giet om goed 130 fan de mear as 600 wurken.