Aldste melkko is Frysk

26 jun 2012 - 13:39

Anna 49, dat is de namme fan de âldste melkko fan Nederlân. LTO Melkfeehâlderij hie boeren oproppen om har âldste ko te melden dy't noch molke jout. De Harkemase Anna 49 is 20 jier âld en hat rom 140 tûzen liter molke jûn. Se is de ko fan de famylje Sikkema.

Ek de twadde âldste ko komt út Fryslân, dat is Geeske 38 út Gersleat. Nûmer trije is Jansje út it Grinzer Tolbert.

Trefwurden: 
LTO kij melkfeehâlderij
(advertinsje)
(advertinsje)