Seehûnen yn greide fûn

Yn de greiden fan It Amelân binne moandei tusken in keppel skiep twa jonge seehûnen fûn. Troch it hege wetter fan snein binne se nei alle gedachten fier de kwelder opspield en dêrnei troch de slufters fierder it eilân opswommen.
Eilanner Andries Molenaar miende dat er yn de greiden in skiep op de rêch lizzen seach, mar fûn doe twa jonge seehûnen dy't waarmte sochten by inoar. Se binne nei de seehûnekresj fan Pieterburen brocht.