Soargen oer kaaimuorre

26 jun 2012 - 12:36

Bewenners fan it de Skilkampen by winkelsintrum De Centrale yn Ljouwert hawwe grutte soargen oer de kaden fan it Nieuwe Kanaal. Moandei is der in stik fan tolve meter ynstoarten. In boat en in trailer fan skipswerf Stapert ferdwûnen dêrby ûnder wetter.

De bewenners tinke dat it komt omdat der te djip baggere is. Se hawwe al langer soargen oer de kaden en binne benaud dat der mear ynstoarte sil.

(advertinsje)