Bosgraaf makket trochstart

Bosgraaf Metaal en Apparaten op De Jouwer makket in trochstart. 47 fan de 49 meiwurkers geane mei nei it nije bedriuw. Tiisdei om ien oere middeis wurdt it personiel op de hichte brocht.
Bosgraaf gie fallyt nei it fallisemint fan dochterûndernimming PWR Pack yn Ede. It bedriuw liet dêrby grutte skulden achter. De bank luts doe de stekker der út. De eardere ynvestearder, de Vadogroep yn Eindhoven, stekt no in grut bedrach yn it bedriuw, dat trochgean sil as Bosgraaf Group.