De Lawei siket akteurs

26 jun 2012 - 11:56

Skouboarch De Lawei yn Drachten siket akteurs foar de jierlikse famyljefoarstelling. De eigen produksje fan it teater hat dit jier de namme Spuiten en Pillen en giet oer de ûnderfinings fan it personiel fan in sikehûs. Op 8 july binne de audysjes.

It stik wurdt yn de krystfakânsje meardere kearen opfierd. De Lawei is op syk nei toanielspilers fan 15 jier en âlder dy't ek goed sjonge kinne. In profesjoneel team sil de akteurs begeliede by de repetysjes. Dy begjinne ein augustus.

Trefwurden: 
Drachten toaniel Lawei kultuer
(advertinsje)
(advertinsje)