Van Hall en Wageningen útinoar

26 jun 2012 - 11:37

Van Hall Larenstein en de Wageningen Universiteit geane útinoar. It kolleezje fan bestjoer en de direksje hawwe dat besletten. Tiisdei binne de meiwurkers yn Ljouwert op hichte brocht fan it nijs.

Beide ynstituten hawwe sûnt 2004 gearwurke. Van Hall Larenstein hat festigings yn Ljouwert en Velp. By in lêste peiling ûnder de meiwurkers die bliken dat it draachflak foar de gearwurking hurd weromrint, noch mar 51 persint hie der fertrouwen yn.

(advertinsje)