Garantstelling foar Aris

26 jun 2012 - 11:03

De gemeenteried fan Ljouwert is akkoart gien mei in finansjele garantstelling foar basketbalklup Aris. It beslút levere wol de nedige diskusje op: yn de fergadering wiene moandei 19 riedsleden foar en 14 tsjin.

Dat betsjut dat de gemeente garant stean wol foar in liening dy't Aris ôfslute moat no't de haadsponsor opstapt is. De basketbalklup moat no wol op syk nei in nije sponsor. It giet om in garantstelling fan 100.000 euro.

(advertinsje)