Heech yn de simmer autofrij

© webside Stayokay Heech
Auto's kinne simmerdeis tenei net mear troch de buorren fan Heech. Sûnt de rûnwei in pear jier ferlyn yn gebrûk naam waard, meie auto's noch mar fan ien kant oer de Harinxmastrjitte en De Syl. Yn de strjitte binne doe terraskes ynrjochte.
Om de rekreaasje mear de romte te jaan, meie auto's yn july, augustus en septimber hielendal net mear troch it sintrum. De ôfsluting fan it sintrum bart op fersyk fan de ûndernimmersferiening en giet al dizze simmer yn.