Ravaazje by ynbrekkerij

Ynbraak © Omrop Fryslân
By in ynbraak yn in winkel oan de Hoofdstraat op De Gordyk is yn de nacht van moandei op tiisdei in grutte partij sigaretten stellen. Tsjûgen hearden glês rinkeljen en warskôgen de plysje. Dy seach dat de ynbrekkers mei in tegel in etalaazjerút ynsmiten hiene.
Yn de saak wie in grutte ravaazje oanrjochte. Op strjitte fûn de plysje noch meardere sloffen sigaretten. De plysje hat noch nei de dieders socht, mar koe se net fine.