Man oppakt yn frjemde auto

26 jun 2012 - 10:06

De plysje hat moandei yn Beetstersweach in 31-jierrige ynwenner fan Drachten oppakt. De man waard betrape yn in auto dy't net fan him wie. Hy hie soft- en harddrugs by him.

De man wie earder ek al ris yn 'e auto fûn. Hy hie doe it rút ynslein, no hie er it plestik fuorthelle dat foar it rút spand wie. De man is foar fierder ûndersyk meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
plysje plysjenijs
(advertinsje)