Wer lokguozzen stellen

26 jun 2012 - 10:02

Fan in stik lân oan de Feandyk yn Aldegea W. binne 17 lokguozzen stellen. Dat is bard tusken ôfrûne freedtemiddei en sneontemiddei. Om it stik lân steane hege stekken, dêr binne de dieders nei alle gedachten oer hinne klommen.

It wie net de earste kear. Ein maaie waarden fan itselde stik lân 22 lokguozzen meinaam. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.

(advertinsje)
(advertinsje)