LC ferliest 6700 abonnees

26 jun 2012 - 09:58

De Ljouwerter Krante hat yn it earste fearnsjier fan dit jier 6700 lêzers ferlern yn fergelyk mei dyselde perioade in jier lyn. Dat docht bliken út de oplagesifers fan it Instituut foar Media-auditing HOI.

It tal abonnees fan de LC-webedysje is mei in dikke 400 omheech gien. De LC mikt no benammen op de digitale tapassings fan de krante. Boppedat moat fan ein dit jier ôf betelle wurde foar it nijs op de site. It Friesch Dagblad hie in lichte groei yn it earste kwartaal: 465 mear abonnees yn fergelyk mei in jier lyn.

(advertinsje)
(advertinsje)