Polityk wol mear omtinken bij

De gemeente Ljouwert kin en moat mear bydrage om de stjerte ûnder bijen tsjin te hâlden. De fraksjes fan PAL/Grien Links en de PvdA hawwe dêrom moandei in inisjatyffoarstel presintearre mei as titel: Van Bij-zaak tot Noodzaak.
De partijen sizze dat bijen hiel wichtich binne foar it fuortbestean fan de minsk en wolle dêrom dat de gemeente Ljouwert der better op past. It is by eintsjebeslút ek it jier fan de bij.