Beslút oer jild Natuermuseum

26 jun 2012 - 09:39

De ferhuzing fan it Natuurmuseum Dokkum nei De Westereen is, seker yn finansjeel opsicht, noch net rûn. Tiisdei praat de riedskommisje fan Dongeradiel oer in bydrage fan 15-tûzen euro om dy ferhuzing te bekostigjen.

Boargemaster en wethâlders advisearje de kommisje om dat jild net beskikber te stellen, omdat it nije Natuurmuseum neffens it kolleezje gjin ekstra toeristen lûke sil. It is de bedoeling dat it nije Natuurmuseum ûnderdiel wurdt fan Sanjes Fertier. Dat leit bûten de gemeente Dongeradiel.

(advertinsje)
(advertinsje)