Narsingh kin ek nei PSV
Neidat Ajax al in bod dien hat op Luciano Narsingh, hat no ek PSV ynteresse foar de fleugeloanfaller fan SC Hearrenfean. Technysk manager Marcel Brands hat befêstige dat hy dat oan de saakwaarnimmer fan Narsingh kenber makke hat. PSV hat noch gjin kontakt opnaam mei Hearrenfean.
Ajax hat al earder in bod útbrocht op Narsingh, mar Hearrenfean is dêr net akkoart mei gien. It kontrakt fan de oanfaller rint noch ien seizoen troch. Dêrnei is er transferfrij.