Grutte brân yn Ljouwert

26 jun 2012 - 04:39

In grutte brân moandeitenacht oan de Skrâns yn Ljouwert hat in histoarysk pân folslein yn 'e jiske lein. De brân ûnstie krekt nei middernacht. Der wiene ferskate brânwachtkorpsen nedich om it fjoer te bestriden.

Yn it gebou sieten ferskate ûndernimmers mei ûnder oaren twa kleanwinkels, in kapsalon en in kafetaria. Minsken út omlizzende pannen binne evakueard, al bleaune dy gebouwen wol besparre. Ferkear dat oer de Skrâns wol, moat rekken hâlde mei oerlêst troch de brân.

Trefwurden: 
Ljouwert brân
(advertinsje)
(advertinsje)