De Gordyk tefreden oer rûnwei

It grutste diel fan de ynwenners fan De Gordyk is tige te sprekken oar de nije rûnwei dy't om har doarp oanlein wurdt. Dat die moandeitejûn bliken op in ynformaasjejûn. De oanlis fan de dyk begjint oer in pear wiken. De dyk foarkomt dat ferkear fan en nei de A7 noch langer troch it doarp moat.
De njoggen miljoen kostjende rûnwei wurdt fjouwer kilometer lang en moat takom jier klear wêze. De tarieding hat tsien jier duorre, benammen omdat tsjinstanners oant oan de Ried fan Steat ta de rûnwei besocht hawwe tsjin te hâlden.