Wethâlder wurdt riedsgriffier

Wethâlder Felix van Beek fan Boarnsterhim wurdt riedsgriffier yn Ljouwert. Van Beek folget op 1 oktober fan dit jier Baudewijn Franssen op, dy't de funksje dan nei tsien jier delleit. Van Beek hat in soad ûnderfining by de oerheid. Neist dat er wethâlder is, hat er ek riedslid, gemeentesekretaris en direkteur fan in wetterskip west.
Van Beek wennet op 'e Jouwer. Hy wol yn syn nije funksje fan earste adviseur fan de gemeenterie de ynwenners fan Ljouwert mear belûke by de plannen fan de gemeente.
Boarnsterhim sil meikoarten op syk nei in ferfanger foar Van Beek. Dy moat de funksje noch útoefenje oant 1 jannewaris 2014 as Boarnsterhim ferdwynt en ferdield wurdt ûnder oare gemeenten, wêrûnder Ljouwert.