Roorda werom op fjild

03 nov 2011 - 13:52

Geert Arend Roorda makket freed syn rentree op it trainingsfjild. De middenfjilder fan SC Hearrenfean bruts yn augustus syn tean en hat moannen út de rûlaasje west. Yn earste ynstânsje waard tocht dat in operaasje net needsaaklik wie, letter moast dit dochs noch barre.

De 23-jierrige Roorda spile it ôfrûne seizoen op hierbasis foar Excelsior en wist doe yn 15 wedstriden 9 kear te skoaren. Der wie in soad ynteresse, mar Hearrenfean liet Roorda net gean.

(advertinsje)