Wâl Nieuwe Kanaal ynstoart

25 jun 2012 - 20:37

In stik kaaimuorre fan it Nieuwe Kanaal yn Ljouwert is ynstoart. Nei alle gedachten is baggerwurk dat koartlyn yn it kanaal dien is de oarsaak. De grûn soe dêrby ûnder de kaaimuorre fuorthelle wêze.

De famylje Stapert is ien fan de dupearren. Sy misse sa'n tolve kante meter fan it terrein fan har werf. Boppedat binne in boat en in trailer yn it kanaal ferdwûn. De provinsje sil tiisdei besykje dy der wer út te krijen. Oer it herstel fan de kaaimuorre is noch neat bekend. Skipfeartferkear kin der wol gewoan lâns.

(advertinsje)
(advertinsje)