Nij topynstitút nei Noarden

03 nov 2011 - 14:09

It Noarden krijt in nij toeristysk topynstitút dêr't in grut tal Europeeske universiteiten oan meiwurket. Mar it moatte noch mear wurde. It giet om in inisjatyf fan Hegeskoalle Stenden en it komt yn Emmen of Ljouwert. Hokker stêd dêrop de measte kâns makket, wurdt net sein.

Stenden hat al it saneamd European Toerism Futures Institute en dêr soe dit inisjatyf goed by oanslute.

(advertinsje)