Boete foar posterplakker

Justysje © Omrop Fryslân
In Ljouwerter (49) hat moandei fan de plysjerjochter in boete fan 500 euro krigen. De man hie foarich jier in oanplakbuorden, bedoeld foar ferkiezingsposters, beplakt mei âlde kranten. Troch dy fernieling wienen de buorden neffens de rjochter in skoftlang net te brûken. De man hie in konflikt mei de gemeente. Dy hie him dien jûn as posterplakker. De feroardielde fielde him 'behannele as in âlde krante'. Syn advokate besjocht noch oft der heger berop oantekene wurdt.