Nij distribúsjesintrum op Fean

25 jun 2012 - 15:22

Supermerkketen Lidl ynvestearret tsientallen miljoenen yn in nij distribúsjesintrum op It Hearrenfean. It nije sintrum wurdt grutter as it âlde en moat foar mear filialen en wurkgelegenheid soargje. De earste peal is moandei slein. It besteande distribúsjesintrum betsjinnet no tachtich filialen yn Fryslân, Drinte en Oerisel. It wie yn 1997 it earste sintrum fan Lidl yn Nederlân, mar foldocht no net mear oan de easken.

It nije sintrum moat begjin 2013 klear wêze. It is net bekend wat mei it âlde sintrum bart.

(advertinsje)
(advertinsje)