Ikeprosesjerûp wurdt pleach

25 jun 2012 - 15:08

De ikeprosesjerûp wurdt in pleach yn Fryslân. Foar it earst sitte de bisten no ek mei hûnderten tagelyk yn de beammen tusken Wolvegea en It Hearrenfean. De hierkes fan de rûpen kinne by likegoed minsken as bisten foar in protte klachten soargje. Sa krije minsken lêst fan brânblierren en yrriteare eagen.

Fryske gemeenten hawwe no meiinoar yn gearwurking mei provinsje en GGD in spesjale wurkgroep opset dy't de rûpen bestride moat. Se sykje nije metoades om de rûp te bestriden.

Sa sille loknêsten yn de beammen ophongen wurde, om mei spesjale geurstoffen de mantsjerûpen ferneatigje te kinnen.

Trefwurden: 
ikeprosesjerûp
(advertinsje)