Nierpasjint op ôfstân helpe

De nierspesjalisten fan it MCL yn Ljouwert binne begûn mei in nije tsjinstferliening foar minsken fan wa't de nieren net goed wurkje. Om foar te kommen dat in pasjint nei it sikehûs moat, kin har hûsdokter no fia in kompjûterferbining mei it MCL oerlizze mei de nierspesjalisten dêr. De spesjalist jout dan binnen trije dagen in behanneladvys.
Nei ferwachting skeelt dit 50 oant hûndert besites oan it sikehûs, tinkt it MCL.