Kij soargje foar plantegroei

It ynsetten fan kij foar it weidzjen fan eilânkwelders soarget foar ekstra plantegroei. Dat docht bliken út ûndersyk fan Maarten Schrama fan de universiteit fan Grins. Hy promovearret freed op dit ûndersyk. Op Skiermûntseach binne de ekologyske systemen ûndersocht yn de kwelders.
It die bliken dat op plakken dêr't kij rûnen 11 planten groeiden, op plakken sûnder kij wiene dat der mar 4. Dit is opmerklik om't yn oare gebieten dêr't kij ynset binne dit mindere resultaten jout.