Hokatex:36 foltiids banen kwyt

25 jun 2012 - 11:59

De sluting fan waskerij Initial Hokatex yn Ljouwert kostet goed 36 foltiids banen. Dat seit de direksje fan it bedriuw. Goed 40 minsken kinne yn Fryslân oan it wurk bliuwe. Sy sitte benammen op de ôfdielings Sales, Aftersales en Logistyk. Der wurdt noch plak foar dizze minsken socht.

De wurknimmers yn de produksje krigen freed te hearren dat har baan fan 1 april 2013 ôf net mear bestiet. Wol wurdt besocht om in tal minsken oer te pleatsen nei festigings yn Alkmaar, Den Bosch of Deventer.

It kommend jier wurde wurksumheden stadichoan oerpleatst nei de oare festigings. De ûndernimmingsried en de bûnen moatte noch mei it bedriuw om tafel oer it sosjaal plan.

Trefwurden: 
Initial Hokatex
(advertinsje)