Protest sluting skoalle Wikel

25 jun 2012 - 11:47

Mear as fyftich learlingen ha moandeitemoarn protestearre tsjin de driigjende sluting fan kristlike basisskoalle De Regenboog yn Wikel. Nije Gaast, in koepel fan 15 basisskoallen yn Súdwest Fryslân, naam earder it foarnommen beslút om fiif skoallen te sluten. Dy fan Wikel is dêr ien fan, mar de âlden en de bern binne it dêr net mei iens. Der binne 350 hantekens sammele en dy binne oan de direkteur oanbean.

De oare skoallen dy't mei sluting bedrige wurde, steane yn Sondel, it Heidenskip, Ealahuzen en Molkwar.

It oerkoepeljend bestjoer wol de skoalle yn 2015 slute. Neffens de de ûnderwiisorganisaasje sil it tal learlingen yn Wikel de kommende jierren ôfnimme. En wurdt it dreech om sa de kwaliteit heech te hâlden. De skoalle telt op dit stuit 52 learlingen en is sûn. Woansdei praat it bestjoer mei de meisizzenskipsrie en komt der mear dúdlikheid oer de takomst fan de skoalle yn Wikel.

Trefwurden: 
skoalle sluting Wikel
(advertinsje)