Peanstra wint Sulveren Spjeld

25 jun 2012 - 11:18

Auck Peanstra hat mei it boek 'Kantsjeboard op Kurasau' de Sulveren Spjeld wûn. Dizze priis is fan de Fryske Berneboekesjuery en bedoeld om it lêzen yn de Fryske taal te stypjen. Peanstra wie mei Jan Schotanus en Anny de Jong nominearre. Hûnderten skoalbern ha meidien oan de Berneboekesjuery. Se koene it moaiste boek kieze út in rige fan fiif.

Dy rige fertelt oer de famylje Travelier. Heit is geolooch en sadwaande bedarret it gesin op frjemde plakken, dêr't sy spannende aventueren belibje. Der wurdt oan in sechsde titel wurke.

(advertinsje)
(advertinsje)