Noppert Beton oernommen

25 jun 2012 - 11:02

Noppert Beton yn Sumar wurdt oernommen troch it Dútske bedriuw Berding Beton. Berding Beton is foaral aktyf yn it noardwesten fan Dútslân en hat sa'n 40 festigings. Noppert Beton yn Sumar wurdt it earste produksjebedriuw yn Nederlân dat Berding Beton oernimt. It Dútske bedriuw hat al wol in leverpunt yn Drachten. Troch de oername wurdt Noppert Beton noch moderner en finansjeel sûner as no, aldus Noppert Beton.

De oername troch Berding hat gjin gefolgen foar it personiel. Der wurkje by Noppert Beton yn Sumar sa'n 90 minsken.

Trefwurden: 
Sumar Noppert Beton
(advertinsje)