Lilke frou fernielt guod freon

25 jun 2012 - 10:59

In frou (40) út Drylts wie sneintejûn sa lilk dat se allegear guod fernielde yn in wenning yn Jutryp. Nei in rûzje yn it hûs fan in freon dêr fernielde se de televyzje, radio, kasten, lampen en bloempotten.

De man (53) belle de plysje. Dy hat de frou yn har eigen wenning oanhâlden. Se sit fêst.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)