Tsjin fangrail en trochriden

© Omrop Fryslân
In man (51) út Hengelo is sneintenacht mei flinke skea oan syn auto trochriden nei't er tsjin in fangrail knald wie. Dat wie by de Werpsterhoeke. Dêr wurdt wurke oan de heak om Ljouwert en it ferkear moat oer in nij stik dyk. De bestjoerder hat de situaasje nei alle gedachten ferkeard ynskat. Hy botste op de fangrail, wêrby't syn auto swier beskeadige rekke. Sa foel in bumper fan syn auto ôf.
De man krijt in proses-ferbaal foar it ferlitten fan it plak fan in ûngelok.