Gevel stut nei botsing

© Omrop Fryslân
In man (79) fan It Hearrenfean is snein yn syn wenplak mei syn auto tsjin de gevel fan in wenning oanriden. Dat wie op de Jutte. De bestjoerder sei tsjin de plysje dat er op it gaspedaal trape hie yn stee fan op de rem. De brânwacht moast deroan te pas komme om de skansearre gevel fan de wenning te stutten.
It CBR sil ûndersykje oft de man noch wol geskikt is om in auto te bestjoeren.