Frou slein om naaimasine

In frou (35) út Easterwâlde is snein yn Ljouwert yn elkoar slein troch twa froulju. It slachtoffer soe in naaimasine ophelje dy't se op Marktplaats sjoen hie. Doe't se it apparaat goed besjoen hie, besleat se fan de keap ôf te sjen. Doe't se wer nei har auto rûn, waard se oanfallen troch twa froulju. It slachtoffer rekke dêrby ferwûne oan it gesicht.
De plysje is noch op syk nei de dieders.