Man gizelet freondinne

25 jun 2012 - 10:28

In ynwenner (21) fan Nijeholtpea is snein oanhâlden op fertinking fan gizeling en mishanneling. Hy soe syn freondinne (14) út Wolvegea tsjin har sin meinaam ha. Se hiene spul krigen en ûnderweis yn de auto waard de man agressyf. Hy woe it famke net gean litte. Se wist úteinlik te ûntkommen, wêrnei't se by in hûs oanbelle. De fertochte ried by it hûs fan it slachtoffer tsjin in stek en de garaazje oan. Dêrnei naaide er út. De âlden warskôgen de plysje. Dy seach de man riden yn Wolvegea. Hy sit fêst. Syn auto en rydbewiis binne yn beslach naam.

(advertinsje)