Kadernota letter yn steaten

25 jun 2012 - 10:22

Provinsjale steaten prate 18 july oer de kadernota foar it kommende jier. Dat debat stie earst foar woansdei pland. De nije datum is in kompromis fan de opposysje- en kolleezjepartijen. De opposysje drige as protest by de gearkomste fuort te bliuwen. De finansjele ûnderbouwing fan de kadernota soe neffens har net doge. Yn de kadernota stelle de steaten fêst hoefolle jild oft foar saken útlutsen wurdt.

De opposysje wie it der ek net mei iens dat de diskusje oer it skrassen fan de spoarline Hearrenfean-Grins nei de simmer fierd wurde soe.

Trefwurden: 
Provinsjale Steaten
(advertinsje)
(advertinsje)