Fertochte stekpartij oanhâlden

25 jun 2012 - 10:16

De plysje hat moandeitemoarn betiid in Ljouwerter (31) oanhâlden foar belutsenheid by in stekpartij yn Mûnein. Nei in hardcorefeest yn dat plak is ferline jier oktober in ynwenner (32) fan De Gordyk oanfallen troch trije manlju. It slachtoffer is meardere kearen mei in mes stutsen. De man waard yn kritike tastân opnaam yn it sikehûs. Hy oerlibbe de oanslach. It plysje-ûndersyk smiet neat op. Ferline wike is de saak behannele yn it programma Opsporing Verzocht. Der kamen tips binnen, wêrnei't de Ljouwerter oppakt wurde koe.

Meardere oanhâldings wurde net útsletten.

Trefwurden: 
plysje stekpartij Mûnein
(advertinsje)
(advertinsje)